Albaneeske liuw yn opfang Felida yn Nijeberkeap ferstoarn

04 jul 2019 - 15:44

De liuw Zhaku dy't noch mar krekt twa moanne yn opfangsintrum Felida yn Nijeberkeap wie, is ferstoarn. De liuw waard ein 2018 mei noch twa oare liuwen rêden út 'Europa's slechtste dierentuin' yn Albanië. Der wiene problemen om de trije liuwen nei Nijeberkeap te krijen, mar lang om let slagge dat yn maaie. Doe wie al dúdlik dat Zhaku in niersykte hie.

Foto: Stichting Vier Voeters

Ferline moanne is Zhaku noch wiidweidich ûndersocht. Doe die bliken dat de liuw earnstige gebitsproblemen hie en dat er in niersykte hie. Foar dy niersykte krige Zhaku medisinen. Dizze wike gie de liuw ynienen hurd efterút. De bistedokter konstatearre dat er net mear te rêden wie en hat him ynsliepe litten.

Op de webside skriuwt Felida: "Lieve Zhaku, we hadden je zó graag meer gegund. We wilden je zó graag nog een goed leven geven. Je had het zó verdiend na zoveel leed. We hopen dat je de korte tijd bij ons hebt genoten van het zand, het gras, de rust en de zon. We hadden je graag beter leren kennen. Rust zacht".

(advertinsje)