Plysje siket tsjûgen fan mishanneling fisueel beheinde frou op stasjon Ljouwert

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in mishanneling op it haadstasjon fan Ljouwert. In 44-jierrige fisueel beheinde frou waard tongersdeitemoarn mishannele yn de sintrale hal fan it stasjon. Dat barde om 09.45 oere hinne. Minsken dy't wat sjoen ha, kinne kontakt opnimme mei de plysje fan Ljouwert.
It stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma