Aldegea yn Súdwest-Fryslân wol wettertoeristen lûke mei iepenloftspul

It doarp Aldegea yn Súdwest-Fryslân besiket al jierren om mear toeristen nei it doarp te heljen. Sy wolle mear op de kaart komme te stean as wettersportdoarp. En dit jier besykje se dat foarinoar te krijen mei in eigen iepenloftspul.
Oudega 2
"Wachtsje efkes, wachtsje efkes," wurdt oer de doarpshaven yn Aldegea roppen. "Wy hearre jimme net. De mikrofoanen steane út, tink ik." De regisseur fan it stik moat noch regelmjittich yngripe op de trochrin, twa dagen foar de premjêre. Technyske probleemkes of de timing dy't krekt net lekker rint.
In grutte ferrassing is it net. Frijwol alle dielnimmers oan it earste iepenloftspul fan Aldegea dogge dit foar it earst. Lykas dat it in primeur foar it doarp is.

Aldegea as rekreaasjeplak

"Ut de rekreaasjestichting wei binne wy in jier as 14 lyn start mei de Aldegeaster Iepen Dei. It idee wie dat wy Aldegea as rekreaasjeplak better op de kaart sette woene," seit Christien Lycklama as ien fan de inisjatyfnimmers.
"We wenje hjir fantastysk oan de Aldegeaster Brekken en we fine eins dat mear minsken dat wol witte meie. Dus dêrom dat wy ien dei yn de twa jier it doarp iepen sette foar minsken fan bûten."

Bern dogge ek mei

Neist it koar docht ek it korps mei en in grut tal akteurs mei in soad bern. By de repetysje steane sy wat ûnwennich oan de kant op de doarpshaven, mar sy hawwe der ek wille yn. Romke en Ymkje fertelle dat se op skoalle al in soad oefene hawwe: "Wy moatte sjonge en mei koffers rinne en we binne produkten fan de buertsupermerk."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It wie net dreech om minsken oer te heljen om mei te dwaan oan it iepenloftspul. "Wy wenje yn in doarp mei in hiel soad frijwilligers. Wy hawwe in hiel goed korps, dus dat wie eins al de basis dêr't wy op trochbreidzje koene."

Topspilers

Mar ek it finen fan akteurs wie neffens Janny Groenveld fan de organisaasje net dreech. "We hoegden it mar te freegjen, sy wiene eins daalks entûsjast." En net allinnich entûsjast, mar neffens Groenveld ek gewoan goed. "Sels fan spilers dêr'tst fan tochtst dy hawwe noch nea spile, dy steane hjir jûn de stjerren fan de himel te spyljen."
Net allinne de spilers wiene entûsjast. Dat jildt ek foar it publyk. Sy wiene fan doel it stik mar ien kear te spyljen, mar der wie safolle flecht op de koai foar de kaartsjes dat der no twa dagen spile wurdt. "De kaartsjes wiene binnen oardel dei fuort." De premjêre is sneontejûn.