Gjin diploma by oplieding Nordwin College: "Wy binne allegearre fertrietlik"

04 jul 2019 - 15:05

Nije eksamens en dêrby ek in oar ûnderwiisprogramma. Dat is de reden dat 26 learlingen fan it Nordwin College yn Ljouwert harren diploma op dit stuit net krije. De studinten binne teloarsteld. "Mar dat jildt ek foar de dosinten", seit Eelkje Algra fan de mbo-skoalle. "It soe foar elkenien in feestje wurde op 9 july, mar no binne wy allegearre fertrietlik. Wy ha min slept, neidat wy dit ûntdutsen ha."

Tongersdeitemoarn waard bekend dat de skoalle in flater makke hat wêrtroch't learlingen fan de oplieding Vakbekwaam Hovenier net alles dien ha om harren oplieding ôf te sluten. Algra seit dat it in kompleks ferhaal is en dat de oarsaak mei meardere dingen te krijen hat.

De skoalle hat in minne tiid efter de rêch. Yn septimber wie der in negatyf ynspeksjerapport oer it bestjoerlik hanneljen by it Nordwin College. Dêrnei is der in soad feroare, der hat ûnder oare in wikseling west fan minsken en se ha nije eksamens oanlevere krigen, wêrtroch't it ûnderwiisprogramma feroare is.

"Dêr ha wy hurd mei oan de gong west", seit Algra. "Wy ha in boekje makke fan alle leartrajekten. Sa kamen wy der ek efter dat der 'keuzedelen' yn de BBL-oplieding hearre te sitten." By it Nordwin College binne dizze ûnderdielen ta ferdjipping fan it fakmanskip fan studinten net oanbean en no kinne sy harren diploma net krije.

Nordwin College - Foto: Omrop Fryslân

Eelkje Algra fan it Nordwin College oer de situaasje en oer wat der no barre sil

Hoe no fierder?

Neffens Algra feroaret der fierder net in hiel soad. De stúdzje duorret offisjeel oant 1 oktober en mei harren plan kinne se dan noch hieltyd in diploma yn hannen ha. "De studinten moatte wol wat ynvestearje, dat dogge wy ek. Wy sette de skouders derûnder." De skoalle hat de studinten dêrom útnûge om freed del te kommen en takom wike begjint de earste workshop al.

(advertinsje)
(advertinsje)