Foppe de Haan oer it spul en de kânsen fan de Oranje Liuwinnen

04 jul 2019 - 14:24

De Nederlânske fuotbalfroulju steane snein yn de finale fan it WK fuotbaljen. Jackie Groenen skeat de Oranje Liuwinnen woansdeitejûn yn de ferlinging nei de swier befochten oerwinning tsjin Sweden. Snein stiet de ultime útdaging op it programma: de finale tsjin Amearika, de topfavoryt. Kinne se dy ek ferslaan? Foppe de Haan: "Wy sille it sjen. Nederlân hat wol in enoarm karakter, je binne nea kânsleas."

Foppe de Haan - Foto: ANP

De âld-trainer hat de wedstriid fan woansdei allinnich sjoen, en mei mingde gefoelens. "De iene kear is it hiel aardich, de oare kear is it minder, mar it wie wol hiel spannend," seit De Haan. "Sy kreëarje altyd wol wat." Hy fûn it moai dat Groenen de goal makke. "Dat fyn ik wol in hiele bysûndere en dêr haw ik wol in goeie bân mei."

Op gelok?

Is it gelok dat sy al sa fier kaam binne? Net altyd, neffens De Haan. "Sy hawwe ien kear flink gelok hân, fyn ik, en dat wie tsjin Japan. Dan falt it wol mei. Mar it is wol in swier toernoai. Sy groeie der wol yn om't sy winne, winne, winne. Mar om echt yn it spul te kommen, hast ek wolris in mindere tsjinstanner nedich. En dy binne der gewoan net. Dus sy hawwe it hiel dreech hân, mar sy hawwe it wol prima dien."

Fêsthâldend

Foppe de Haan is bliid dat de trainster fêsthâldend is mei har opstelling: "Ik fyn dat sy gelyk hat, der is altyd ien út foarm of mei in blessuere. Ast nei Lineth Beerensteyn sjocht, dy kin fantastysk ynfalle. Mar as sy yn de basis begjint, dan is sy oars."

Hy seit fierder: "Je moatte net de boel op 'e kop sette, ast fan de tsien yn it fjild der twa úthellest, dan is it wier oars. Dat moatst realisearje. Je moatte ek betrouwen útstriele, en ast dat net sjen litst en der ien wat minder is, begjint eltsenien te twiveljen, dus ik fyn dat dit gewoan it bêste is."

Hoe komt it tsjin Amearika?

Snein moat Oranje tsjin Amearika spylje. Soe it slagje de wedstriid te winnen? "Amearika is wol fierder yn it fuotbal, dy spylje al hiel lang op in heech nivo en binne wend om dizze toernoaien te spyljen. Sy binne trije kear Olympysk kampioen wurden of sa, en trije kear wrâldkampioen. En fysyk hiel fit, hoewel't der tsjin Ingelân wol wat krampferskynsels wiene. Wy sille it sjen."

Foppe de Haan oer de kânsen fan de Oranje Liuwinnen

(Advertinsje)
(Advertinsje)