Der komme wer ynterlannen foar jongerein op De Bosk yn De Harkema

04 jul 2019 - 13:48

Teams fan jongerein fan it fuotbalbûn KNVB sille tenei wer ynterlânwedstriden spylje op sportpark De Bosk yn De Harkema. It haadfjild fan de Harkemase Boys is oanwiisd as ien fan de acht lokaasjes foar kwalifikaasje- en oefenynterlannen.

Foto: Omrop Fryslân

Om it mooglik te meitsjen moast it haadfjild renovearre wurde. De ried fan de gemeente Achtkarspelen hat yn april al jild beskikber steld om de gersmatte oan te pakken. It fjild wie der min oan ta, de KNVB joech oan der oars gjin ynterlannen mear organisearje te wollen.

De ôfrûne jierren wiene de Harkemase Boys faker gasthear foar ynterlânfuotbal, sa wiene der yn 2017 talinten fan ûnder de 19 jier foar in EK-kwalifikaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)