Plysje siket by Ofslútdyk nei lichem fermiste frou

04 jul 2019 - 13:22

De plysje is op de Ofslútdyk by Breesândyk op syk nei it lichem fan in frou dy't mist wurdt. Dêrby wurde boaten mei sonar en in ûnderwetterkamera ynsetten. Ek binne der speurhûnen oanwêzich.

Der wurdt socht nei it lichem fan Sumanta Bansi. De 23-jierrige Surinaamske ferdwûn yn febrewaris fan 2018. De frou wie op dat momint njoggen wiken yn ferwachting.

Bansi groeide op yn Suriname en kaam yn 2016 foar har stúdzje nei Nederlân ta. Sy wenne yn Hoorn. Sûnt 18 febrewaris 2018 is der neat mear fan har fernaam. De plysje hâldt der rekken mei dat sy slachtoffer wurden is fan in misdriuw.

Trefwurden: 
plysje sykaksje Sumanta Bansi
(Advertinsje)
(Advertinsje)