Nei in needgjalp is De Falom wer berikber foar frachtferkear

04 jul 2019 - 13:18

It bedriuw Wijbenga Standbouw út De Falom wûn der woansdei gjin doekjes om op harren Facebookside: "Dat is nou weer Kwalitatief Uitermate Teleurstellend, gemeente Dantumadiel. Waar we sinds de komst van de Centrale As en het project 'Kansen in Kernen' steeds bang voor zijn geweest is vandaag werkelijkheid geworden. We zijn onbereikbaar geworden voor vrachtwagens." Der wiene pealtsjes op de Haadwei pleatst, frachtweinen koene der ynienen net mear del. Aldergeloks liket der no in oplossing te kommen.

Nei de oanlis fan de Sintrale As is it dykje dêr't it bedriuw oan leit oanpakt. Dat betsjut: pealtsjes midden op de dyk. De weifersmellingen binne oanlein om de snelheid der mar út te krijen op de dyk. Mar doe koene der ynienen gjin frachtweinen mear del. Dat is net allinne foar Wijbenga Standbouw in probleem, mar ek foar oare bedriuwen.

Wanhopich

"Het zou fijn zijn als jullie het lef hebben om morgenochtend alsnog met ons in gesprek te gaan," dat wie wat Yke Wijbenga op Facebook skreau. "De ferbjustering, de wanhoop fan o, dêr geane wy wer. Wy hawwe mei de oanlis fan de Sintrale As ek al problemen hân," seit Wijbenga.

Sy kaam der pas let efter. "It hie al seis oere west, dus wy koene ek net mear nei de gemeente. Dus ik haw eins yn wanhoop myn hert luchte op Facebook."

Foto: Omrop Fryslân

Gemeente op 'e stoepe

Dochs kaam der gau der in oplossing. Tongersdeitemoarn stiene fraksjelid Romke Postma en efkes letter wethâlder Kees Wielstra fan Gemeentebelangen Dantumadiel op de stoepe. "Vanmorgen is onze Romke gelijk wezen kijken en kwam ook tot de conclusie dat de paaltjes inderdaad verkeerd waren geplaatst," joech de fraksje oan.

"Letter stiene der ek minsken fan de gemeente en de oannimmer," fertelt Wijbenga. It duorre net lang foar't de pealtsjes fierder útinoar setten wurden. It grutte fracht- en lânbouferkear kin der no wer del. "Wat een opluchting!", sei Wijbenga Standbouw op Facebook.

De bedriuwen Feenstra Transport en leanbedriuw Annema ha del west om te testriden.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek spruts yn De Falom ûnder oaren mei Yke Wijbenga

(advertinsje)
(advertinsje)