Máxima bringt besite oan Dijkstra Draisma yn Dokkum

04 jul 2019 - 12:48

Bougroep Dijkstra Draisma yn Dokkum hat tongersdeitemiddei Kenninginne Máxima op besite. De reden fan de besite is de Kening Willem I priis dy't it bedriuw yn 2018 wûn. Máxima is earefoarsitter fan de Koning Willem l stichting.

Wietse de Vries is ien fan de projektûntwikkelers dy't mei Máxima prate sil. De senuwen begûnen in pear minuten fantefoaren dochs wat te kommen en hy fertelt dat it wol foar wat minder nachtrêst soarge hat.

De Vries mei Máxima in pear minuten rûnliede. "Ik probeer haar een zo goed mogelijk beeld te geven van wat we hier aan het doen zijn. Ik neem haar mee naar de modelwoning, daar hebben wij allemaal experimenten. De woning zelf is ook bijzonder. Dat is onze droogstapelwoning. Daar willen we haar graag over vertellen hoe innovatief dat is."

Foto: Omrop Fryslân

Wietse de Vries oer syn rûnlieding foar Máxima

Kening Willem I Priis

It boubedriuw út Dokkum en Boalsert hat yn maaie 2018 de priis wûn yn de kategory 'midden- en lytsbedriuw'. By de útrikking fan de priis waard it bedriuw priizge. "Het bedrijf heeft de moed getoond haar proces en productie te industrialiseren. Met haar initiatieven voor verduurzaming is het een voorbeeld en voorloper in de branche."

De Koning Willem I Prijs jout bekendheid oan positive en duorsume ûntwikkelingen yn de Nederlânske ekonomy. Offalferwurker Omrin út Ljouwert wie finalist foar de Koning Willem I Plakkette foar duorsum ûndernimmerskip, mar wûn net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)