15 minsken krije in bekeuring yn Ljouwert

04 jul 2019 - 11:52

Op de Frouwepoartsbrêge yn Ljouwert binne woansdeitejûn 15 minsken op de bon slingere. Ien fan harren hie de telefoan yn de hân, wylst er oan it fytsen wie. Sûnt 1 july - ôfrûne moandei - is dat ferbean.

Foto: Omrop Fryslân

In soad minsken tinke dat it appen op de fyts strafber is, mar dat is net sa. Ien dy't in telefoan allinnich mar fêsthâldt wylst er oan it fytsen is, kin al in boete fan 95 euro krije.

Der waarden ek bekeuringen útdield foar it fytsen sûnder ljocht. In autobestjoerder waard bekeurd foar beljen efter it stjoer. Yn in twitterberjocht lit de plysje witte dat se strang kontrolearje yn it ferkear.

Trefwurden: 
ferkear fyts bekeuring
(Advertinsje)
(Advertinsje)