De seis finalisten muzykwedstriid Kleine Prijs van Fryslân bekend

04 jul 2019 - 11:44

De seis kandidaten foar de Kleine Prijs van Fryslân binne bekend. Dizze talintenwedstriid wurdt yn 2019 foar de 33ste kear organisearre troch Stichting Friesland Pop, elts jier mei it doel om begjinnende popartysten en -bands te stypjen.

De band Ganos Lal - Foto: Alyssa Hannah, Stichting Friesland Pop

De kandidaten binne keazen út twa heale finales. De earste wie op 21 juny yn Neushoorn yn Ljouwert. Dêr wiene twa winners: All over Again en BOYAKIRA. De earste winner makket alternative rock en de twadde saneamde 'genderneutrale clownpunk.'

Twadde heale finale

De twadde heale finale wie op 22 juny yn Iduna yn Drachten. Dêr kamen twa bands by: Ganos Lal en runner-up The Wabe. It bleau net by dizze fjouwer, want der wiene noch twa wildcards beskikber. Dizzen giene nei Delore en Noorderlicht. Op dizze wize is der in grut ferkaat oan muzyksjenres, fan hiphop oant Nederlânsktalich.

De finale fan de Kleine Prijs van Fryslân is op 20 septimber yn Het Bolwerk yn Snits. Alle artysten meie meidwaan, nettsjinsteande styl of sjenre. De winner mei ûnder oare dielnimme oan Eurosonic, Kadepop en Befrijingsfestival 2020.

(Advertinsje)
(Advertinsje)