Waadeilannen roppe kabinet op om op te hâlden mei boarringen yn de Waadsee

Nei oanlieding fan in oprop fan de Waadferiening hat de kommisje foar wrâlderfgoed fan Unesco in brief skreaun oan minister Wiebes. Yn dizze brief jout Unesco oan dat der grutte soargen binne oer boarringen yn de Waadsee. Unesco freget de minister mear ynformaasje oer de gaswinning. It Gearwurkingsferbân Waadeilannen hat reagearre mei in brief oan it kabinet om dúdlik te meitsjen dat it de oprop fan de Unesco stipet.
© Remco de Vries
De Waadeilannen freegje it kabinet om Unesco serieus te nimmen, om't de Waadsee beskerme en beholden wurde moat. De Waadeilannen hawwe al earder oanjûn dat de gaswinning ôfboud wurde moat.

Ekonomyske skea

Neffens it gearwurkingsferbân driget de ekonomy fan de Waadeilannen skea op te rinnen troch de gaswinning. Toeristen komme nei de Waadeilannen foar rêst, romte en de bysûndere natuer. It kin neffens it Gearwurkingsferbân Waadeilannen net sa wêze dat der nei gas boarre wurdt op sa'n lytse ôfstân en sels yn erkende natuergebieten.

Wrâlderfgoed

De Waadsee is wrâlderfgoed en de eilannen Teksel en Skiermûntseach binne oanwiisd as nasjonale parken. Boppedat is de hiele Waadsee, alle Waadeilannen en in part fan de Noardsee boppe de eilannen Natura2000-gebiet.