Boubedriuw Dijkstra Draisma wachtet yn spanning op besite fan Keningin Máxima

04 jul 2019 - 11:01

Kenninginne Máxima komt tongersdei op besite by bougroep Dijkstra Draisma yn Dokkum. It bedriuw hat earder de Kening Willem I priis yn de kategory MKB wûn, wêr't Máxima earefoarsitter fan is.

Dijkstra Draisma yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Direksjelid Dirk Jan de Rouwe fan Dijkstra Draisma is him al drok oan it tarieden op de besite. "Het is best wel spannend hoe het gaat lopen allemaal. Ze is hier maar anderhalf uur. We hebben het gisteren al geoefend en een draaiboek gemaakt."

Direksjelid Dirk Jan de Rouwe oer wat se Máxima sjen litte sille

Enerzjytransysje

Dan is fansels de grutte fraach: wat litte se oan Máxima sjen? Dat is fan te foaren al betocht. De Rouwe: "We laten onder andere drones zien waarmee we gebouwen op meten en een gerobotiseerde gevel."

Dêrneist wol er ek sjen litte dat sy wurkje mei alle ambachten, mar ek mei nije techniken. "We hebben bijvoorbeeld een droogstapel woning ontwikkeld, waar ze ook door heen kan lopen en waar wij de nieuwste oplossingen om energieneutraal te bouwen kunnen laten zien."

(advertinsje)
(advertinsje)