Spitse krijt by WK-finale besite fan Kening Willem-Alexander

04 jul 2019 - 10:35

Kening Willem-Alexander sil snein ien fan de taskôgers wêze by de WK-finale fan de Oranje Liuwinnen. Dy pleatsten harren woansdeitejûn, mei Sherida Spitse fan Snits yn de basis, foar de finale troch winst op Sweden.

Foto: www.orange-pictures.nl

De heale finale waard woansdeitejûn pas yn de ferlinging beslikke. Jackie Groenen makke de iennichste goal fan de wedstriid yn de 99e minút. Troch dat doelpunt spilet Nederlân sneintemiddei om 17.00 oere tsjin Amearika om de wrâldtitel.

Spitse die it hiele duel mei by Oranje. Keepster Loes Geurts fan Hichtum, dy't ek ûnderdiel útmakket fan de seleksje fan bûnscoach Sarina Wiegman, kaam net yn aksje.

Komme der ek oare pommeranten?

De Rijksvoorlichtingsdienst makke tongersdeitemoarn bekend dat Kening Willem-Alexander, in grut sportfan, by de wedstriid oanwêzich wêze sil. It is net bekend oft Keninginne Maxima ek nei de wedstriid komt. Ek is net dúdlik oft minister-presidint Rutte by de finale is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)