Seldsume bijekaaiblom oantroffen yn de Makkumerwaarden

04 jul 2019 - 10:28

It Fryske Gea hat in bysûndere waarnimming dien yn de Makkumerwaarden, in natuergebiet oan de Iselmarkust by Makkum dat yn behear is by de ynstânsje. Sy hawwe dêr in saneamde bijekaaiblom oantroffen. Dit is in tige seldsume orchidee, hielendal foar Fryslân.

De bijekaaiblom - Foto: Wikimedia Commons

De blom, yn it Nederlânsk de 'bijenorchis', komt net in soad foar yn ús lân. En as der wol earne foarkomt, is it benammen yn it suden fan it lân. Neffens It Fryske Gea is it in prachtich natuerresultaat.

De orchidee hjir de bijekaaiblom om't it ûnderste bledsje in soad op de huningbij liket. Yn de simmer fan 2013 wie de orchidee fûn op Skylge, dat wie de earste kear dat de blom op in Frysk Waadeilân sjoen waard.

(advertinsje)
(advertinsje)