Cambuur wint ek oefenwedstriid fan regioteam Koatstertille mei 8-0

04 jul 2019 - 10:09

SC Cambuur hat woansdeitejûn in oefenwedstriid tsjin in regioteam út Koatstertille wûn mei 8-0. By it skoft wie it 4-0 foar de Ljouwerters, dêr't proefspilers Grad Damen en Erik Schouten in kâns krigen om harren sjen te litten oan trainer Henk de Jong.

Foto: www.orange-pictures.nl

De wedstriid tsjin Koatstertille is yntusken hast in tradysje foar Cambuur. Al sûnt 2000 spylje de Ljouwerters hast alle jierren yn De Tille yn tarieding op it nije seizoen.

Ungefear 1.000 taskôgers seagen dat Nigel Robertha syn ploech op 1-0 sette troch in strafskop. Troch doelpunten fan Maulun, Paulissen en Kallon stie it 4-0 by skoft.

Cambuur rint út

Nei it skoft joech Cambuur yn de earste minuten flink gas. Binnen tsien minuten stie it 7-0 nei in eigen doelpunt en goals fan Jacobs en proefspiler Schouten. In pear minuten foar tiid sette Gootjes de einstân op it skoareboerd.

Sneon spilet Cambuur wer in oefenwedstriid. Dan is FVC út Ljouwert de tsjinstanner.

Opstelling earste helte: Bos; Van Deelen (c), Van der Kaap, Schouten, Sambissa; Damen, Jacobs, Maulun; Kallon, Robertha en Paulissen

Opstelling twadde helte (nei 60 minuten): Bos; Raghoebar, Van der Kaap, Schouten, Bangura; Hoedemakers (fan '46 ôf), Akoy (fan '46 ôf), Bouman; Metz, Van Rijswijk en Gootjes

(advertinsje)
(advertinsje)