Benjamin fan Broeksterwâld ferhuzet op 'e fyts: 230 km foar it goeie doel

De 14-jierrige Benjamin Mak út Broeksterwâld is tongersdeitemoarn om acht oere op 'e fyts stapt rjochting Zoetermeer. Hy sil yn twa dagen mar leafst sa'n 230 kilometer fytse. Benjamin lit him sponsorje om jild op te heljen foar it goeie doel: de opfang fan flechtlingen út Eritreä.
© Omrop Fryslân, Arjen de Boer
"Ik fiets voor de opvang van vluchtelingen uit Eritrea. Met de tocht hoop ik veel geld op te halen om steun te bieden aan diegenen die hun huis zijn kwijtgeraakt. Het was de bedoeling om 2.500 euro op te halen, maar ik heb nu al bijna 4.000 euro", sa fertelt Benjamin.

Dûnmny yn Zoetermeer

De heit fan Benjamin is dûmny yn Broeksterwâld, mar wurdt de nije predikant yn Zoetermeer. Dat betsjut dat de famylje Mak ferhûzje sil nei Súd-Hollân. "Stom natuurlijk," seit Benjamin, "want om alles achter te laten is natuurlijk niet leuk." Benjamin docht de ferhûzing op 'e fyts. Tongersdei wol hy 150 kilometer fytse. Hy oernachtet dan by syn pake en beppe yn Almere.

Tariedingen

Op freed fytst Benjamin it lêste stik fan 80 kilometer. "Het langste stuk dat ik getraind heb is 70 kilometer, maar ik ga het zeker halen."
Benjamin hat him goed taret. "Ik heb een telefoonstandaard op de fiets die de route aangeeft." En wat as hy in lekke bân krijt? Dan is syn heit yn de buert om de bân wer te plakken.
Ferslachjouwer Arjen de Boer praat mei Benjamin en syn âldelju
Doe't Benjamin tongersdei op de fyts stapte, bleau syn heit earst noch wol efkes yn Broeksterwâld foar it regeljen fan it ferhûzjen. Hy folget syn soan letter op de motor. "Ik hoop dat ze de eerste drie uur geen lekke band krijgen," seit syn heit. "Hij is nu onderweg naar AquaZoo, daar zal hij om kwart voor negen aankomen. Even vijf minuten pauze, naar de McDonald's en dan doorrijden naar Lemmer, waar hij weer pauze heeft."
Benjamin is yntusken úteinset, de ferhûzing is in feit