Nordwin College yn Ljouwert makket flater mei eksamens

04 jul 2019 - 09:03

De learlingen fan de oplieding Vakbekwaam Hovenier krije gjin diploma, dêrom is der takom wike gewoan les. De skoalle hat de learlingen in brief stjoerd mei ekskuzen foar de flater. Studinten hearre binnen de mbo-oplieding saneamde 'keuzedelen' te folgjen, ûnderdielen ta ferdjipping fan it fakmanskip fan studinten. Mar by it Nordwin College binne dizze 'keuzedelen' net oanbean en no kinne sy harren diploma net krije.

Nordwin College - Foto: Omrop Fryslân

It giet om mbo-studinten fan it wurk- en leartrajekt fan de oplieding. "It is in gefoel fan ûnleauwen en ferbjustering", fertelt in learling. Yn de groepsapp hawwe de learlingen it der ek oer. Learlingen neame it in nachtmerje en in 'slechte film'. "We krigen earst in útnûging foar de diplomaútrikking en dêrnei in brief dat it net trochgiet." De learlingen hawwe al mei dosinten sprutsen en krije freed ynformaasje op in spesjale gearkomste. "De dosint hat direkt wol tajûn dat it in grutte flater is", seit de learling.

Weardefol diploma

De learlingen geane ien dei yn de wike nei skoalle en binne de rest fan de wike by in bedriuw yn de lear. De 'keuzedelen' dy't net dien binne moatte wol ynhelle wurde. De skoalle skriuwt: "Dit vinden we belangrijk, omdat we garant staan voor de waarde van je diploma."

Foar de learlingen is de ferplichte dei nei skoalle wer in dei minder dat se oan it wurk kinne. "Ik bin al oan it wurk en no moat ik wer nei skoalle. Dy dagen ha ik gjin ynkommen, dat rin ik no wol mis", fertelt in learling.

Ynhelje foar oktober

Om dit jier dochs noch in diploma te heljen, binne der yn july opdrachten, presintaasjes en petearen. Yn septimber wurde der eksamenpetearen hâlden, sadat de 'keuzedelen' foar 1 oktober dien wurde kinne.

De skoalle wie noch net berikber foar in reaksje.

(advertinsje)
(advertinsje)