Kollum: "Rôze Sneon"

04 jul 2019 - 08:33

"Ljouwert is takom jier de thússtêd fan Rôze Sneon, lanlik bekend as Roze Zaterdag. Roze Zaterdag is in jierliks temafeest ein juny en is elk jier yn in oare stêd. It is de Nederlânse ferzje fan de Pride en wurdt al sûnt 1977 organisearre. It is in feest, in demonstraasje en hat ek in polityk,'emancipatoir' karakter: homo's, lesbiennen, transgenderminsken, biseksuelen, yn koart, alles wat net hetero is, lit fan him of har hearre.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Omrop Fryslân hie snein in berjocht oer hoe't wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert de rôze kaai kriget yn Venlo, wêr't it evenemint dit jier wie. Feitsma hie trouwens in fantastysk pak oan. Der stie in foto by wêr't in pear flaggen op steane dy't in krusing binne tusken de Fryske en de reinbôgeflagge. De blauwe banen bestean no út de reinbôgekleuren en fan alle farianten dy't ik kin fan de reinbôgeflagge fyn ik dit it bêst slagge eksimplaar.

De Omrop sette it berjocht op Facebook en frege dêrby: hoe moat Ljouwert hjitte mei Rôze Sneon? Venlo waard Venlove. Yn de reaksjes kamen in protte positive berjochten te stean; minsken fregen wêr't se de flagge krije kinne (te bestellen, reagearre de Dokkumer Flaggesintrale). Moaie lûden oer dat Ljouwert de stêd fan de Rôze Sneon wurdt en aardige suggestjes foar de namme fan Ljouwert, sa as Gaywarden, Ljovert, Leafwert, Ljover en noch wat farianten. Echt hiel hertferwaarmjend, foar my, as ûnderdiel fan de LHBT-mienskip.

Mar der kamen ek oare berjochten te stean. In samling:

Zo wordt onze nationale FRIESE VLAG op deze manier verkracht.

Commerciele onzin en oandachtloekerij, litte we een bytsje normaal dwan ollegjer.

Neat is se meer hillich, sels de grutske Fryske flagge net mear.

Ik ha hielendol gjin problemen mei gwuonts diet "fân de oare kânt" binne , mar mat wy of Friezen associeert wurre mei dit ût de ronne gesoademieter ??... Dog es even gewoan en libje die eigen libben en dring et net oan een oar op !

Sa'n fertoan is in mislediging fan ús flagge

Sneu gedoch.. Se wolle sa graach gelyk weze oan de rest van de minsken en derom matte se in eigen fagge en in eigen speciale dei ha..

Laten ze maar een andere vlag kiezen de aandacht trekkers blijf van onze Friese vlag af

Maak het vooral een hele happening en pas alles er voor aan. Als iedereen gewoon blijft doen zonder de aandacht op te eisen verdwijnen de vooroordelen wel. Vroeger hoorde je er niets over en was er respect voor iedereen.

Nog even is iderien verplicht om elkoar yn de reet te nimmen

De homofoby - eangst foar alles wat net hetero is - spat der ôf. Mislearre besykjen ta grappich wêze en mispleatste sin om minderheden te misledigjen. Ik wit it: sosjale media binne de rioelputten fan ús tiid en dit is op syn meast tsien prosint fan de reaksjes, mar it byt my dochs. It is rûnút 'homofoob'. De meast evidinte homofobe reaksjes lit ik fierder foar harsels sprekke, mar ik gean even yn op 'oandachtlûkerij' en 'doch mar gewoan'.

'Wy' wolle net gelyk wêze en 'gewoan dwaan' omdát wy net gelyk binne. De hiele wrâld, de maatskippij en it hiele libben is ynrjochte op heteroseksualiteit. Asto sels hetero bist, dan hast dat miskien net sa yn 'e gaten. Freegje in fisk mar ris hoe't wetter smakket. Mar as net-hetero, wurdsto der alle dagen meardere kearen mei konfrontearre. En om't it oeral oanwêzich is, wurdt it sjoen as de noarm. Der is in hiel sterke druk om je dêr oan oan te passen, mar krekt dat is foar LHBT'ers alles útsein komfortabel. It liedt ta in protte stress: je wurde der om útskolden (homo is noch altyd ien fan de meast brûkte skelwurden), yn elkoar slein en yn sommige lannen sels slimmer. Allegearre saken dêr't hetero's nea in sekonde oer hoege nei te tinken.

En nee - 'vroeger' wie it hielendal net better as no: doe waarden LHBT's noch folle mear ûnderdrukt en hâlden se harren bek út selsbehâld. Dêrtroch heardest se miskien minder.

De reden dat der in Pride is, en dus in Rôze Sneon, is om sjen te litten dat der mear is as hetero. Asto dat oandachtlûkerij fynst, dan sitst wol hiel djip yn dyn hetero-kast. We dogge dat mei in protte kleur, sa as mei dy flagge, en asto sels leaver in grize heteromûs bist, dan moatst dat sels witte, mar alle oaren, ek hetero's, binne tige, tige wolkom op Rôze Sneon. 20 juny takom jier, yn Ljouwert.

Noch ien ding foar elkenien mei homofoby: do bist yndied net benaud. Do bist in sneue ikel."

(advertinsje)
(advertinsje)