6.000 kilo lead foar ekspedysjeskip Harns

04 jul 2019 - 07:49

Lead út 1746 krijt in nije bestimming op it ekspedysjeskip de Witte Swaen fan Willem Barentsz. It skip wurdt op de Barentszwerf yn Harns neiboud en om it stabyl te hâlden is sa'n 21.000 kilo lead nedich. De oplossing foar de lêste 6.000 kilo lead is no fûn op Teksel.

Foto: Stichting Expeditieschip Willem Barentsz

"Er is een schip vergaan ten westen van Texel, dat is een paar jaar geleden het lood van gevonden door twee duikers", fertelt Paul Meijeraan fan Stichting Expeditieschip Willem Barentsz.

De stichting hellet tongersdeitemiddei it lead op yn in sloepke en lient it fan it Museum Kaap Skil foar in perioade fan tsien jier.

Paul Meijeraan fertelt oer it lead dat se tongersdei ophelje

(advertinsje)
(advertinsje)