Bewenners rekreaasjepark Yn 'e Lijte meitsje harren gjin soargen

In grut part fan de groep fêste bewenners fan Yn 'e Lijte meitsje harren gjin soargen oer harren takomst op it Grouster rekreaasjepark. Se sjogge in petear mei de gemeente mei betrouwen temjitte.
Rekreaasjepark Yn 'e Lijte Grou © Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert moat fan de Ried fan Steat foar de bewenners fan 35 adressen opnij besjen oft se dêr wol permanint wenje meie. Dat waard woansdei dúdlik út de útspraak fan dyselde Ried fan Steat.
De gemeente Ljouwert bringt dêrtsjinyn dat sy genôch docht om permaninte bewenning tsjin te gean. Mar neffens de Ried fan Steat hat de gemeente net genôch ûndersyk dien doe't se in grut tal wenfergunningen ôfjoech foar it rekreaasjepark.
De saak wie oanspand troch eigener Jan-Jan Brouwer. Neffens him feroaret it eilân by Grou stadichoan yn in gewoane wenwyk. Dat soe yn striid mei gemeentlik en provinsjaal belied wêze.
De famylje Bakker giet der net fan út dat se fuort moatte.
De famylje Bakker wennet sûnt 2010 op it park. Neffens harren is alles fêstlein op papier en binne der dúdlike ôfspraken makke mei de eigener oer de permaninte bewenning, Se binne der fan oertsjûge dat se der wenje bliuwe kinne.