Easterlittens, Ljouwert en Winsum troch nei heale finale Iepen FK Jeu de Pelote

03 jul 2019 - 22:32

By it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens hawwe Easterlittens, Ljouwert en Winsum harren pleatst foar de heale finale. Woansdeitejûn waard de twadde omloop hâlden op it doarpslein Easterlittens.

Bitgum oan de opslach - Foto: Henk Bootsma

Mei 7-5 wie Easterlittens te sterk foar it partoer fan Grou. Dêrmei pleatsten se harren foar de earste heale finale tsjin Frjentsjer. Ljouwert, dat mei 4-8 fan Stiens wûn, en Winsum, dat fan Bitgum wûn mei 8-3, moetsje inoar yn de twadde heale finale.

De heale finalen wurde tongersdeitejûn fan 19.00 oere ôf keatst. Freed is de finale.

It IFK 2019

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt fan it tradisjonele Fryske spul: sa bestean de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

Op it Iepen Frysk Kampioenskip 2019 dogge 28 teams mei. Fan dy 28 partoeren spylje 24 fan moandei 24 juny oant en mei tongersdei 27 juny yn de foarronden.

Freed 28 juny begjint dan de earste omloop mei de tolve winners fan de foarronden en de fjouwer bêste teams fan ferline jier. De twadde omloop is op 2 en 3 july en in dei letter binne de heale finales. De finale is dan op freed 5 july.

Alle wedstriden binne op it doarpsplein yn Easterlittens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)