Earste winst op spikes foar Nard Brandsma yn It Heidenskip

Fierljepper Nard Brandsma fan Warkum hat woansdeitejûn yn It Heidenskip it earste plak behelle. Mei in ôfstân fan 20.55 meter bleau er konkurrint Sytse Bokma fan Hylpen krekt foar, dy't nei 20.54 meter ljepte. It binne de twa fierste ôfstannen yn Fryslân oant no ta dit seizoen.
Eerste winst op spikes voor Nard Brandsma in It Heidenskip
Nei alve wedstriden is it de earste deititel foar Nard Brandsma, dy't dit seizoen op spikes ljept ynstee fan op bleate fuotten. It rinnen op spikes giet flugger, mar it klimmen woe noch net sa goed slagje oant no ta. Brandsma hie minder grip yn de pols. Dat euvel liket no oplost.
Jan Teade Nauta út Drylts kaam ek oer de tweintich meter. Hy ljepte mei 20.12 meter in nij persoanlik rekôr (PR).
Nard Brandsma © Martin de Jong
By de froulju ljepte Marrit van der Wal fan It Heidenskip de fierste ôfstân mei 14.50 meter. Dêrmei wie se te sterk foar Sigrid Bokma fan Hylpen, dy't 14.26 meter sprong.
Yn de kategory junioaren gie de winst foar de alfde kear op rige nei Wietse Nauta dy't mei 19.13 meter de oaren fier efter him wist te hâlden. It twadde plak wie mei 17.03 meter foar Folkert Veldstra fan Akkrum.

Jonges en famkes

In earste plak by de jonges wie woansdeitejûn foar Rutger Haanstra mei de fierste sprong yn Fryslân oant no ta: 18.27 meter (PR).
By de famkes wûn Femke Rispens mei 14.39 meter.