Hexta slút lokaasje Wolvegea, trettjin wurknimmers krije dien

De festiging fan Hexta terreinbefeiliging en stekken yn Wolvegea giet ticht. Foar de trettjin wurknimmers is in regeling troffen.
© Hexta
It bedriuw út Waddinxveen makket stekken en sette yn 2003 in eigen produksjelokaasje op yn Wolvegea. Troch de sterk feroarjende merk is no keazen om gear te wurkjen mei it bedriuw Hitmetal en is der gjin plak mear foar in eigen produskjelokaasje. Ein dit jier sil Hexta Wolvegea definityf tichtgean.