Friezinnen yn top trije hurdfytswedstriid Noordenveld-Westerkwartier

03 jul 2019 - 22:12

Op de twadde dei fan de hurdfytswedstriid Noordenveld-Westerkwartier yn Sânhuzen kamen woansdei twa Friezinnen op it poadium te stean. It twadde plak wie foar Oerterpster Wendy Oosterwoud en it tredde foar Janieke Kalsbeek fan Ljouwert. By de manlju koe gjin fan de Fryske dielnimmers in plak yn de top 3 bemachtigje.

De hurdfytswedstriid yn Sânhuzen duorret foar de froulju trije dagen (moandei, woansdei, freed) en foar de manlju fiif dagen (moandei, woansdei, tongersdei, freed, sneon). Moandei waard striden yn Nieuw-Roden, tiisdei dus yn Sânhuzen, tongersdei is de wedstriid yn Noordhorn, freed op De Like en sneon yn De Wylp.

Mear Fryske suksessen

Op de earste dei, op moandei, wist Ronald Kruijer fan Donkerbroek it earste plak te bemachtigjen. It twadde plak by de manlju wie doe foar Ruben Hoekstra fan It Hearrenfean. By de froulju gie de winst yn de earste etappe nei Rixt Hoogland fan Sint-Nyk. Anneke Dijkstra fan Olterterp einige op it twadde plak.

(advertinsje)