Auto klapt op beam by Eastermar, bestjoerder ferwûne

03 jul 2019 - 21:40

In autobestjoerder is woansdeitejûn ferwûne rekke doe't er mei de auto tsjin in beam botste by Eastermar. It ûngelok barde op de Swartewei.

Foto: SR Fotografie

De bestjoerder mei ferwûningen oerbrocht nei it sikehûs. Hoe slim oft dy ferwûningen binne, is noch net bekend. De plysje hat de dyk ôfsluten. De oarsaak fan it ûngelok is ek noch net bekend

Trefwurden: 
auto-ûngelok Eastermar
(advertinsje)