Hurdfytswedstriid Ternaard siket dielnimmers foar "machtich moai rûntsje"

03 jul 2019 - 21:27

De organisaasje fan de Omloop van Ternaard is hurd op syk nei dielnimmers. De hurdfytswedstriid is takom wike sneon 13 july en der kinne noch wol wat dielnimmers by.

Foto: Omloop fan Ternaard

De wedstriid is bedoeld foar amateurmanlju en -froulju. It parkoers fan 2,5 kilometer giet troch it doarp en by de Fryske kust del rjochting Holwert. De froulju ride om 16:00 oere en de amateurs om 18:15 oere.

By de amateurs binne oant no ta goed fjirtich manlju ynskreaun en by de froulju in lytse twintich. Earst wie der sprake fan dat de wedstriid mooglik net trochgean koe fanwege te min dielnimmers, mar no giet it dochs wol troch, fertelt Matthijs Boltjes fan de organisaasje. Ferline jier lei it tal dienimmers op in goed santich. Foar dit jier hoopje se op tachtich of njoggentich. Opjaan kin by de hurdfytsferiening Otto Ebbens fan De Westereen.

"It libbet echt yn Ternaard. De minsken freegje wannear't de wedstiid wer is, want dan gean se yn de tún sitten. En de hurdfytsers sizze dat it in machtich moai rûntsje is. Dêrom wolle wy dat it wol trochgiet", seit Boltjes.

Matthijs Boltjes fan de organisaasje

(advertinsje)
(advertinsje)