Sander Arends stunt net yn earste ronde op Grand Slam fan Wimbledon

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is op Wimbledon yn de earste ronde útskeakele. Tegearre mei syn maat Matwé Middelkoop gie er yn in tige spannende wedstriid mei 6-4, 3-6, 2-6, 7-6 en 3-6 ûnderút tsjin Bruno Soares út Brazilië en Mate Pavic út Kroatië. Dat duo is as fjirde pleatst yn Londen.
© ANP
Yn de earste set hiene Arends en Middelkoop de bettere kânsen. Sels hoegden se gjin breakpoint ta te stean. Wol hiene se sels kânsen op de break en by 4-4 pakten se dy. Efkes wûnen se de earste set mei 6-4.

Sets twa en trije ferlern

Yn de twadde set wie it byld oarsom. No krigen Soares en Pavic de kâns om in break te meitsjen. Dy pakten se en efkes letter pakten se ek de set (3-6). De tredde set wie mei twa breaks beslikke. Al nei trije games kamen Arends en Middelkoop op achterstân. Dy koene se yn de rest fan de set net mear goedmeitsje. It waard 2-6.

Dochs wer winst yn fjirde set

Troch de achterstân yn sets moasten Arends en Middelkoop no twa sets achterinoar winne. Yn de fjirde set siet der gjin ferskil tusken beide duo's. Gjin breakpoints en dus moast op 6-6 in tiebreak it ferskil meitsje. Dêryn waard it 7-5 foar de Nederlanners.

Fyfde beslissende set: 3-6

Yn de fyfde set gie it de earste games lykop, mar op 3-2 wiene it Soares en Pavic dy't it ferskil makken. Arends en Middelkoop besochten út alle macht werom te kommen yn de wedstriid. Se krigen noch in breakpoint, mar moasten nei hast trije oeren tennis belies jaan (3-6).

Ferline jier twadde ronde

It toernoai op it saneamde hillige gers fan Wimbledon is it iennichste toernoai dêr't dûbeldspilers trije sets winne moatte. De útskeakeling past yn it gersseizoen fan Arends en Middelkoop. Ek yn Rosmalen en it Turkske Antalya wie it yn de earste ronde dien foar it duo. Ferline jier hellen Arends en Middelkoop noch de twadde ronde yn Londen. Dêryn wiene Mike Bryan en Jack Sock út Amearika mei 6-7 6-1 7-6 en 7-6 te sterk. Bryan en Sock pakten dêrnei sels de titel op Wimbledon.