Lena út Ljouwert folget alle wedstriden fan de Oranjefroulju yn Frankryk

03 jul 2019 - 20:09

Al dyn fakânsje-oeren opsparje om it Nederlânske frouljusfuotbalteam oeral te folgjen. Dat is wat de Fryske Lena de Jong (27) út Ljouwert docht. Fan alle kwalifikaasjewedstriden yn it bûtenlân oant de WK-wedstriden, oeral sit de Friezinne op de tribune entûsjast de Nederlânske froulju oan te moedigjen.

Foto: ANP

Lena is op dit stuit yn Frankryk yn de omjouwing fan Lyon, want dêr spilet it Nederlânsk frouljusteam woansdeitejûn de heale finale fan it WK tsjin Sweden.

"Sûnt tsien juny bin ik al yn Frankryk", fertelt Lena de Jong. "Dit is echt myn fakânsje. Ik haw de oeren opsparre en ik sit hjir no al in skoft. It is geweldich, benammen om't se sa fier komme. Der komt hieltyd in wedstriid by."

"Fifty-fifty tsjin Sweden"

Oer de kânsen fan de Nederlânske froulju is De Jong optimistysk. "Twa jier lyn op it EK hawwe se se pakt mei 2-0, dus it kin wol. Mar it wurdt noch dreech. Yn Skandinavië kinne se goed fuotbalje, dus it wurdt 'fifty-fifty' jûn. Mar ik hoopje dat se winne sille. De einútslach: ik sis 2-1 foar de Oranjefroulju!"

Lena de Jong yn Weistra op wei

(Advertinsje)
(Advertinsje)