VOL: "Te min frijwilligers foar oername soarchtaken Ljouwert"

03 jul 2019 - 18:24

Der binne yn de gemeente Ljouwert net genôch frijwilligers om soarchtaken oer te nimmen fan profesjonals. Dat skriuwt de Vrijwilligers Organisaties Leeuwarden (VOL) yn in rapport oan de gemeenteried. De ried hie frege om in analyze fan de beskikberens en de ynset fan frijwilligers. It rapport soe tongersdei publisearre wurde. Op oantrúnjen fan de ried is it woansdei al frijjûn.

Foto: Omrop Fryslân

Om op soarchkosten te besparjen wol de gemeente Ljouwert in grutter berop dwaan op frijwilligers. Sy soenen taken oernimme kinne fan personiel yn soarchynstellingen. It giet dan bygelyks om lytse helptaken yn it húshâlden. Ien fan de fragen dy't in soad riedsleden hawwe, is oft der wol genôch frijwilligers binne. En ek oft dy wol geskikt binne om minsken goed te helpen.

VOL: "Tekoart is tagelyk ek in kâns"

Neffens it rapport fan de VOL binne der no net genôch frijwilligers. De organisaasje sjocht it tekoart net as in soarch, mar ek as in kâns. Bygelyks troch better gear te wurkjen op it mêd fan werving en it útwikseljen fan frijwilligers tusken organisaasjes. Seker as de frijwilligers in goede oplieding krije en profesjonals op de eftergrûn oanwêzich binne om te helpen. In probleem dat de VOL, ek no al, sjocht is de fergrizing ûnder frijwilligers.

De VOL advisearret de gemeente yn te setten op sân tema's:

1. Mear omtinken foar werving fan frijwilligers

2. In PR-plan sadat frijwilligerswurk konstant ûnder de oandacht bliuwt

3. Praktyske stipe

4. Finansjele stipe

5. Wurdearring foar frijwilligers

6. Ynvestearje yn it up-to-date hâlden fan de sosjale kaart

7. Gearwurking frijwilligers en mei de formele partijen

De gemeenteried praat woansdeitejûn oer de takomst fan de soarch yn Ljouwert, de saneamde WMO. Der moat mei-inoar 3,6 miljoen euro besunige wurde. Takom wike woansdei wurdt in definityf beslút naam oer de ynrjochting fan de soarch yn de gemeente Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)