Fuort út Ferwert: "Dizze lêste lesdei fielt echt hiel ûnwerklik"

03 jul 2019 - 17:23

It nijs sloech yn as in bom: de sluting fan it Dockinga College yn Ferwert. As de simmerfakânsje begjint, slute de doarren foargoed. No't de simmer deroan komt, komt de ein hieltyd tichterby. Dizze woansdei wie de lêste lesdei. "Dizze dei fielt echt hiel ûnwerklik, want is net de ein fan it jier, mar fan de skoalle," stelt Anne-Nynke dy't op de havo sit.

"Ik fyn dizze dei ek hiel nuver, want je hawwe al je freonen hjirre," follet Elsa har freondinne Anne-Nynke oan. "En dan gean je der dochs mei de hiele klasse yn ien kear út." Else en Anne-Nynke sille de skoalle bot misse.

Mavo-learling Jetze hat in wat oare miening. "Ik fûn it net in supergoede skoalle, mar ik fyn it wol jammer dat ik no de klasse misse moat."

Besjoch ek:

Fuort út Ferwert

It nijs sloech in pear moanne lyn yn as in bom: de fêstiging fan it Dockinga College yn Ferwert giet ein fan dit skoaljier ticht. De skoalle hat te min learlingen om de holle boppe wetter te hâlden. Dat binne de hurde feiten.

Mar hoe is it op de skoalle, no't de learlingen en de dosinten mei de lêste wiken yn Ferwert oan de gong binne? Wy folgje de kommende tiid dosinten, learlingen, de lokaasjelieder en oare meiwurkers. Alle moandeis binne wy yn Ferwert, of yn de buert fan it doarp om de ferhalen te hearren fan de minsken fan it Dockinga College.

(advertinsje)
(advertinsje)