Gjin straf foar autistyske man út Koartehimmen dy't frou mishannele

03 jul 2019 - 17:00

In 31-jierrige ynwenner fan Koartehimmen dy't op 4 maart in frou sûnder oanlieding mishannele hat, krijt dochs gjin straf. Dat hat de rjochtbank bepaald. Neffens de rjochter kin de man neat oanrekkene wurde, omdat hy in psychyske steuring hat.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De rjochtbank fynt wol dat hy in jier lang behannele wurde moat yn in psychiatrysk sikehûs. De man is autistysk en liedt oan skizofreny. Dêrfoar krijt hy medisinen, mar dy nimt hy lang net altyd yn. Hy wenne op in soarchbuorkerij yn Koartehimmen.

Op 4 maart hie hy op de Boskwei it slachtoffer fan de fyts slein. De frou hie har soantsje ophelle fan fuotbaltraining en wie op wei nei hûs. Underweis wiene sy by de fertochte lânsfytst. Hy kaam efter harren oan en mishannele de frou. Se foel yn in greppel en rekke ferwûne.

Twa wiken lyn hie de offisier fan justysje noch tbs mei twangferpleging easke, mar de rjochtbank fûn de mishanneling net slim genôch om de swiere tbs-maatregel op te lizzen. De man moat wol in skeafergoeding betelje fan goed 4000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)