Nije programmearring skûtsjesilen by Omrop Fryslân: wedstriidferslach live op tv

03 jul 2019 - 16:53

Omrop Fryslân komt mei twa spesjale programma's om it skûtsjesilen hinne. Fan sneon 27 july ôf is der trije wiken lang fan 14.00 oere ôf in telefyzjeprogramma mei folslein en streekrjocht ferslach fan de wedstriid mei live kommentaar fan start oant finish. Ek jûns komt in spesjaal programma werom op telefyzje. Fan 18.20 oere ôf sjocht Omrop Fryslân yn 'Skûtsjesilen 2019' werom op de wedstriid fan de dei.

Foto: SKS

Yn it jûnsprogramma is fansels it wedstriidferslach te sjen, it ferhaal fan de dei, reaksjes fan skippers en in sfearferslach út it wedstriidplak.

"Ferline jier diene we yn Fryslân Hjoed ferslach fan it skûtsjesilen. Sa'n grut Frysk evenemint fertsjinnet lykwols in eigen programma", fertelt einredakteur Janjelle Ringnalda. "Op dizze wize is it ek better te finen foar ús sjoggers, sawol op telefyzje as online."

It wedstriidferslach is alle dagen om 18.50 nochris los te sjen op telefyzje.

Online is it programma ek te folgjen fia Omropfryslan.nl/live.

It skûtsjesilen by Omrop Fryslân
14:00 oere: it skûtsjesilen live by Omrop Fryslân op telefyzje
18.20 oere: 'Skûtsjesilen 2019' mei Roelof Lousma en Afke Boven
18.50 oere: it wedstriidferslach by Omrop Fryslân op telefyzje

Op radio is it skûtsjesilen alle dagen fan 14.00 oere ôf te folgjen yn de deistige programma's. Online is it te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(Advertinsje)
(Advertinsje)