Watfoar personaazjes sitte yn it Kollumer Oproer?

03 jul 2019 - 16:47

Kollum stiet dizze wike hielendal yn it ramt fan it iepenloftspul it Kollumer Oproer. By Omrop Fryslân is dêr wiidweidich omtinken foar. Dizze kear sjogge we nei de ynhâld fan it stik en wa binne de haadpersoanen eins?

Syb van der Ploeg spilet de haadrol. "Salomon Levy kaam yn 1787 út Dútslân wei nei Nederlân kaam. Hy wenne sân jier lang op De Westereen en hie frou en bern. Hy is in bekend figuer yn it doarp, der is ek in strjitte nei him ferneamd. Myn âlden ha dêr sels wenne. Yn syn tiid wie er in belangryk man by it Kollumer Oproer."

"Syn bloed sit ek yn my"

Hy kin him goed yn de rol fine. "It is bysûnder om dizze rol te spyljen, mar eins hoech ik net folle te spyljen, want ik ha aardich wat oerienkomsten mei syn karakter. Hy woe net yn it leger en sels bin ik ek pasifist. Hy wie fûl, in man mei ambysje dy't opkaam foar de wierheid en foar de earmen. Hy wie ek solistysk. Al dy eigenskippen ha ik ek. Dus it stiet hieltyd tichtby. En ik bin noch neiteam fan Salomon Levy, syn bloed sit ek yn my."

Syb van der Ploeg

Rebûlje

It muzykteäterstik Salomon - It Kollumer Oproer - giet oer de rebûlje yn Kollum yn 1797 tsjin de Frânske oerhearsking neidat de Oranjes ferjage wiene. Yn it noardeasten fan Fryslân wie men fûl tsjin dizze oerhearsking en tsjin de ynfierde tsjinstplicht. In soad minsken kamen yn opstân. De lieders fan de Opstân, Salomon Levy en Jan Binnes krigen dêrfoar de deastraf.

"In groep Kollumers giet foar de Oranjes stean en makket de Frânsen 'een kopje kleiner'", leit regisseur Steven de Jong út. "En we meitsje der in dwaling troch de tiid hinne fan, want wat der doe gebeurde, is hjoed-de-dei noch sa", follet Atsje Lettinga oan.

Google Maps

Aktrise Meriyem Manders spilet letterlik Google Maps. "Ik loods het publiek en het hoofdpersonage door het verhaal heen. Net als bij Shakespeare, toen had je ook een verteller die je naar de scènes leidt, dat doen we nu ook een beetje."

Ek MeToo komt yn de foarstelling oan de oarder fertelle Carla de Bruine en Thijs Meester. "It is ek statusmisbrûk en machtsmisbrûk., Froulju hienen destiids net folle te sizzen."

By Omrop Fryslân is dizze wike alle dagen omtinken foar it iepenloftspul Het Kollumer Oproer; fan de histoarje oant de tariedingen. Sjonger Syb van der Ploeg spilet de haadrol fan Salomon Levy en Steven de Jong docht de regy. It stik giet op tongersdei 4 july yn premjêre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)