App jout ferkearde ynformaasje oer lokaasje AED

03 jul 2019 - 16:32

Yn de EHBO-app fan it Reade Krús wurdt faak net goed oanjûn wêr't AED's hingje, sa docht bliken út eigen ûndersyk fan Omrop Fryslân. It Reade Krús erkent dat de apps gauris ferkearde ynformaasje jouwe.

Sa hinget ien fan de AED's yn Wâldsein oan de oare kant fan it wetter, seit pleatslik EHBO-frijwilliger Jacob Haga. En fierder sit de AED by de basisskoalle oan de oare kant fan it gebou. Haga: "Twa of trije adressen yn it doarp binne net korrekt."

Adressen yn kaart bringe

De EHBO-feriening wol de adressearring yn kaart bringe en de goede adressen mei hûsnûmer en postkoade trochjaan oan de ferantwurdliken. "De minsken dy't yn it doarp wenje, witte faak wol wêr't se wêze moatte, mar bûtensteanders net. Dan moatte se sykje en elke sekonde telt." En yn Harich hinget de AED 300 meter fierderop as oanjûn wurdt.

Reade Krús: Meld AED's oan

Omrop Fryslân hat it Reade Krús ek frege om in reaksje. Dy lit witte dat de data yn de apps yndie net altyd doge. Somtiden binne AED's net iens oanmelden yn de app, wylst se der wol binne. Der is kontinu in team mei oan de gong, mar it Reade Krús docht ek it driuwende fersyk oan minsken om sels te sjen wêr't de AED's hingje. Dat kin op it momint dat it apparaat nedich is, it ferskil tusken libben en dea útmeitsje.

Frijwilliger Jacob Haga yn Wâldsein

Trefwurden: 
AED Reade Krús
(advertinsje)
(advertinsje)