Fersliten Ljouwerter Cruyff Court is opknapt en weriepene

03 jul 2019 - 16:29

It Cruyff Court oan de Gaspeldoornstraat yn Ljouwert is woansdei feestlik weriepene. It fuotbalfjildsje yn de wyk Heechterp Schieringen is opknapt. Der binne nije buorden pleatst en der is nij keunstgers lein. By de iepening fersoargen spilers fan Cambuur clinics.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De buertferiening is der bliid mei. "It fjild leit der wer kreas by. It wie fersliten, want it wurdt yntinsyf brûkt. Yn it keunstgers sitte gjin rubberkerrels mar kerrels fan koark", leit ien fan de buertferiening út. "It fjild is belangryk foar de buert. Der wurdt ek wol hockeyd en it giet allegear hiel gemoedlik."

Wethâlder Hilde Tjeerdema hat sels ek even meispile op bleate fuotten. "Ik ha net skoard, mar myn team wol. It Cruyff Court is belangryk en it is hiel populêr. Sjochst dat it minsken by elkoar bringt, de jonge en âldere jeugd. It wurdt goed brûkt."

Willem de Vries praat mei ien út de buert en wethâlder Hilde Tjeerdema

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

"Ik was hier elf jaar geleden ook bij de opening", fertelt Ilja van Holsteijn fan de Cruyff Court Foundation. "Het is heel fijn om te zien dat het zo mooi is opgeknapt. Het is weer als nieuw. Ik hoor dat er tot 's avonds laat wordt gevoetbald en dat het een ontmoetingsplek voor ouders en kinderen is. Daar gaat het om."

Willem de Vries praat mei bern en Ilja van Holsteijn

(Advertinsje)
(Advertinsje)