Omfoarmjen fan winkels nei wenten Easterwâlde giet earst oer

03 jul 2019 - 16:00

It ferplicht feroarjen fan winkels nei wenten yn it sintrum fan Easterwâlde giet earst net troch. Dat hat de gemeenteried fan Eaststellingwerf besletten. Der ûntstie tefolle ûnrêst oer de plannen.

Foto: Omrop Fryslan

It doel wie om yn de strjitten by it sintrum de winkels te sluten, sadat der in kompakter winkelgebiet ûntstean soe. It giet dan om de strjitten oan de noardkant fan de feart.

Eigeners en hierders fan de winkels skrokken bot fan de gemeentlike plannen. Doe hat it kolleezje fan B & W noch besocht om de ûnrêst fuort te nimmen, troch in oergongstermyn fan fiif jier yn te stellen, mar dat brocht it betrouwen net werom.

De tarieding fan in nij bestimmingsplan wurdt no earst stilset.

Trefwurden: 
Easterwâlde
(Advertinsje)
(Advertinsje)