Nije útsjochtoer by De Himrik makke troch studinten nei tekening fan bern

03 jul 2019 - 14:31

Natuergebiet Hemrikkerskarren hat in nije útsjochtoer krigen oan it Himrikerpaed. Bysûnder is dat learlingen fan OBS De Bôge fan De Himrik it ûntwerp fan de toer tekene hawwe en dat studinten fan ROC Friese Poort de toer dêrnei yninoar setten hawwe.

Foto: Otto van der Galiën, Wetterskip Fryslân

Ut de toer wei kin sjoen wurde nei de beekdelte fan it Alddjip. Yn it gebiet by De Himrik is der 81 bunder nije natuer ynrjochte foar Natuurnetwerk Nederland, it moat der goed libjen wêze foar flinters, libellen en oare ynsekten. Yn it gebiet is ek in slingerjend streamke oanlein.

Makke troch learlingen en studinten

De learlingen fan OBS De Bôge keazen ein 2017 harren favorite ûntwerp út trije tekeningen. Dêrnei ha studinten fan ROC De Friese Poort mei in oannimmer dwaande west om te toer te bouwen.

De iepening waard dien troch learlingen fan de basisskoalle. Ek deputearre Douwe Hoogland, Jesler Kielstra fan Steatsboskbehear en Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân wiene oanwêzich.

Oan it natuergebiet wurdt wurke troch gebietskommisje Koningsdiep yn opdracht fan de provinsje en yn gearwurking mei Steatsboskbehear, It Fryske Gea, Wetterskip Fryslân, Natuurmonumenten, de gemeente Opsterlân en de streek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)