Gemeente Ljouwert moat situaasje Yn 'e Lijte op 'e nij besjen

03 jul 2019 - 14:28

De gemeente Ljouwert moat foar alle fêste bewenners op rekreaasjepark Yn 'e Lijte yn Grou yndividueel sjen oft se dêr permanint wenje meie. Dy útspraak docht de Raad van State woansdei.

Rekreaasjepark Yn'e Lijte Grou - Foto: Omrop Fryslân

Jan-Jan Brouwer, de eigener fan de camping op it rekreaasjepark, krijt dêrmei gelyk. Neffens him feroaret it eilân by Grou stadichoan yn in gewoane wenwyk, en dat soe yn striid mei gemeentlik en provinsjaal belied wêze. Dêrom spande hy in rjochtsaak oan tsjin de gemeente.

35 adressen op 'e nij besjen

De gemeente Ljouwert sei dêrtsjinyn dat sy genôch docht om permaninte bewenning tsjin te gean. Mar neffens de Raad van State hat de gemeente net genôch ûndersyk dien doe't se in grut tal wenfergunningen ôfjoech foar it rekreaasjepark.

Dêrom moat Ljouwert no foar 35 adressen op 'e nij besjen oft de bewenners dêr wenjen bliuwe kinne.

Jan-Jan Brouwer

(Advertinsje)
(Advertinsje)