Amelanner ried min te sprekken oer ekstra jild De Nieuwe Stelp

03 jul 2019 - 13:55

Op it plan fan it kolleezje op It Amelân om acht ton beskikber te stellen foar De Nieuwe Stelp yn Hollum is yn de ried net entûsjast reagearre. Earder wie al 150.000 tariedingsjild beskikber steld. Dat bedrach is in heale ton mear wurden, mar de wethâlder hat dat net meld.

It plak dêr't De Stelp no sit - Foto: Google Street View

Guon riedsleden wienen dêr min oer te sprekken. Dêrtroch hienen guon politisy minder betrouwen yn de oanfraach fan acht ton ekstra.


Algemeen Belang Ameland sjocht leaver dat 70.000 euro útjûn wurdt foar in skets fan it projekt dêr't de ried ja of nee op sizze kin. In plan om de nijbou yn stapkes te dwaan is neffens wethâlder
Theo Faber "niet werkbaar. Het project in fases opknippen maakt het geheel niet goedkoper en geeft alleen maar administratieve rompslomp." Hy makke ekskús foar it net melden fan de ekstra kosten. It giet om in miljoeneprojekt.

Soarchkompleks De Nieuwe Stelp moat yn Hollum komme oan de Oranjewei.

Yn de gearkomste fan 15 july beslút de gemeenteried oer it beskikber stellen fan it kredyt fan 800.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)