CDA-fraksje wol it Woudagemaal en it Lemster strân rjochtstreeks ferbine

03 jul 2019 - 13:44

Der moat in rjochtstreekse ferbining komme tusken it strân fan De Lemmer en it Ir. D.F. Woudagemaal, dat fynt de CDA-fraksje yn De Fryske Marren. Mei de ferbining en it trochlûken fan it Wetterkearingspaad moatte toeristen net allinne in besite bringe oan it gemaal, mar ek by it strân en it sintrum komme kinne.

It Ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer - Foto: ANP

"Een rechtstreekse verbinding naar het stukje Werelderfgoed is op dit moment fysiek onmogelijk," seit CDA-riedslid Roel Roelevink. "Wij zouden graag zien dat het college in overleg treedt met Wetterskip Fryslân om de mogelijkheden van een dergelijke verbinding te onderzoeken." Roelevink wennet sels op De Lemmer.

It hjoeddeistige kuier- en fytspaad moat neffens de fraksje trochlutsen wurde om't it in mearwearde is foar de toeristyske ûntwikkeling fan De Lemmer. Dêrom tsjinnet it CDA woansdei in moasje yn op de riedsgearkomste.

"Naast de toeristische waarde is een directe verbinding ook voor de lokale bevolking een toevoeging, op het bestaande 'rondje Dok' en 'rondje Stoomgemaal," seit Roelevink.

(Advertinsje)
(Advertinsje)