Easterwâlde earet âld-boargemaster Oosterwijk mei strjitnamme

03 jul 2019 - 12:38

De nij te bouwen apparteminten en winkels yn Easterwâlde krije de strjitnamme 'Borg. Oosterwijkbrink'. Dêrmei wurdt in earbetoan brocht oan âld-boargemaster Tieme Hendrik Oosterwijk (1924-1989). Hy wie tweintich jier boargemaster fan de gemeente Eaststellingwerf.

Boargemaster Oosterwijk mei de wethâlders yn 1982. - Foto: Nieuwe Ooststellingwerver. Fotograaf: M. van Nieuwenhoeven

Yn it winkelsintrum komme in supermerk en soarchynstelling Talant. De nijbou komt yn it plak fan de wenningen op de Dertien Aprilstraat en Snellingerdijk.

Tieme Hendrik Oosterwijk wie boargemaster fan 1965 oant 1985. Dêrfoar wie er gemeentesekretaris fan Eaststellingwerf. Hy wie doe de langst sittende boargemaster yn funksje yn Fryslân. Hy wie saakkundige op it mêd fan de Stellingwerfske streekskiednis en skreau meardere publikaasjes.

Borg. is de ôfkoarting fan 'Borgemeister', de Stellingwerfske beneaming foar boargemaster. 'Brink' is in streekeigen wurd en betsjut plein. Om't in strjitnamme net mear as 24 posysjes ha mei, is 'Borgemeister' ôfkoarte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)