Pleatslike Oranjekoarts yn Ljouwert foar de Oranjeliuwinnen

03 jul 2019 - 12:36

De fuotbalfroulju fan Nederlân spylje woansdeitejûn yn de heale finale fan it WK, mar fan in wiere Oranjekoarts lykas by de manlju is gjin sprake.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Der binne noch gjin oranje-gebakjes, de mayonêze is noch gewoan giel en de supermerken hingje net fol mei Oranjeguod. It libben giet 'gewoan' troch.

Yn de Paul van Ostadestrjitte yn Ljouwert tinkt men dêr lykwols oars oer. Foar in WK-feestje, ek foar de froulju, helje se alles út de kast wat mar Oranje is. Trijntje Jonker makket elk entûsjast en soarget foar de pleatslike fuotbalgekte.

"Ik woon hier nu negentien jaar en de straat leeft altijd mee met voetbal. Ik heb mijn oranje shirt al aan en de oranje vlaggetjes hangen. Het is nu wachten op winst en dan gaan we zondag weer verder", fertelt Trijntje Jonker. "De mannen hebben ons de laatste jaren in de steek gelaten, maar de dames zijn leuk om te zien en ze slaan elkaar tenminste niet de koppen in op de tribune."

It is begûn mei in pear fanatike froulju dy't sels ek fuotbalje en se ha elkoar oanstutsen. "Vanavond zitten we allemaal gezellig bij elkaar, drankje erbij, allemaal in het oranje en dan maar feestvieren." Neffens har wurdt it 2-1 foar de Oranjeliuwinnen. Bij winst zetten we zondag een grote tent in de tuin en gaan we daar met z'n allen kijken."

Trijntje Jonker en oare bewenners fan de strjitte

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
Ljouwert fuotbal Oranje
(Advertinsje)
(Advertinsje)