HCL fernijt fêste tentoanstelling; mear by de tiid en ynteraktyf

03 jul 2019 - 12:16

It Historisch Centrum Leeuwarden wol de fêste tentoanstelling fernije en begjint meikoarten mei in kampanje om dêr jild foar te winnen. De hjoeddeiske stúdzjeseal wurdt omboud ta in romte foar in breed publyk.

Foto: HCL

"Mei elkoar is it doel om 100.000 euro by fûnsen te wervjen foar de fernijing", fertelt Geart de Vries, direkteur fan it HCL. By de werynrjochting wurde de ûnderfiningen meinommen dy't it HCL ferline jier mei LF2018 opdien hat by it paviljoen Liwwadders dat yn de Prinsetún lei.

"It doel is om mear ynteraksje mei it pubyk te krijen yn de nije tentoanstelling, lykas we dat hienen yn de Ark, it paviljoen yn de Prinsetún mei Kulturele Haadstêd. We wolle it ferhaal oer Ljouwert mear by de tiid bringe, moderner. Der komt bygelyks ek in Ljouwert-kwis, in audiotoer en filmkes. It soe moai wêze as besikers nei ôfrin alles oer Ljouwert en de skiednis fan de stêd witte. It archeologyske stipepunt krijt ek in folweardiger plak."

Yn maaie 2020 moat de nije tentoanstelling klear wêze. It HCL rjochtet him mei de útstalling net inkeld op toeristen, mar ek op Ljouwerters, ynwenners fan Fryslân, en skoalbern út de gemeente.

De nije stúdzjeseal komt yn de Hendrik ten Hoeveseal. "De stúdzjeseal ferhuzet nei in lytsere romte om't ynformaasje hieltyd mear online tagonklik is en minder minsken nei it gebou takomme foar ûndersyk."

De kampanje wurdt dien troch de Wopke Eekhoff-stichting dy't fyftjin jier lyn yn it libben roppen is om jild te krijen foar it HCL foar bysûndere projekten dy't bûten de reguliere begrutting fan de ynstelling falle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)