Ielaak fan Heech hast wer thús út Londen, it nije doel is Denemarken

03 jul 2019 - 13:09

Korneliske Ykes II, de ielaak út Heech dy't op besite wie yn Londen, is yn de nacht fan moandei wer feilich yn Scheveningen oankaam. Sneon wie de aak al út Londen fearn, mar it skip hat yn de tuskenlizzende tiid noch yn Oostende west. Takom wike tiisdei moat de ielaak lang om let werom yn Heech wêze. Skipper Maarten Stuurman hat al in nij doel foar eagen: sile op Denemarken.

De ielaak ûnder de Tower Bridge - Foto: Omrop Fryslân

De Korneliske Ykes II is in rekonstruksje fan in aak dy't yn de jierren tritich brûkt is as frachtskip. Sûnt 15 juny wie de aak nei Londen. De ielaak is yn dêr trije kear ûnder de Tower Bridge troch fearn. De bemanning hat yn Londen ûnder oare in krâns lein foar bemanningsleden dy't yn it ferline mei ielaken omkaam binne. Neffens de bemanning wie it in emosjoneel momint.

Besite oan it stedhûs

Yn it stedhûs fan Londen binne de bemanningsleden, bestjoersleden fan stichting De Palingaak en fertsjinwurdigers fan Pleatslik Belang Heech troch sheriff Liz Green ûntfongen. Foarsitter John van der Velde fan it doarpsbelang hat in eigendomsbewiis fan it skip en in foto fan it orizjinele skip oerlange oan de sheriff.

Fierder hat skipper Maarten Stuurman in presintaasje holden op it wrâldkongres fan de Sustainable Eel Group oer de histoarje fan de ielhannel op Londen, oer it libben oan board, de bou fan de Korneliske Ykes II en de reis fan de ielaak nei Londen. In protte dielnimmers fan it kongres ha freed op de aak west.

Skipper Maarten Stuurman fan de ielaak

Dochs wie de de tiid yn Londen sels neffens skipper Maarten Stuurman net iens it meast bysûnder: "Ik denk dat het zeilen naar Londen zelf het mooiste was, op de manier zoals dat vroeger ook ging." De wize fan silen wie dus it hichtepunt.

"Wij zijn met z'n allen mensen die aardig goed in het zeilen, daarom genoten we van de historische ervaring," seit Stuurman. Sa hat it skip ek tij-skoften makke, sa't it skip eartiids ek op heech- en leech tij ynspile. "Het is een zwaar schip en een platbodem, maar het gedraagt zich als een zeeschip."

Ferfolch: nei Denemarken

Neffens de organisaasje hat de bemanning in fantastyske tiid yn Londen hân. Stuurman: "Dat je iets kunt herbeleven wat al eeuwen zo is gedaan. Het is de ervaring die ons allemaal aardig heeft ontroerd."

Op 4 july is de ielaak oanwêzich by it Dutch Wooden Boat Festival yn Den Helder en op 9 july komt de aak lang om let werom yn Heech. Dêr bliuwt it net by, neffens Stuurman. "We zitten wel te broeden op wat we nu kunnen doen. Vroeger voer de aak ook op Denemarken, dus de kans is groot dat wij dat ook gaan doen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)