Ljouwerter grêft hat tenei ienrjochtingsferkear foar boaten

03 jul 2019 - 11:23

Op it wetter yn Ljouwert fan de Kelders nei it Naauw jildt tenei ienrjochtingsferkear foar boaten. Dy fraach kaam fan ferskate partijen dy't de grêft alle dagen brûke.

De lêste jierren is it hieltyd drokker wurden yn de grêften mei rûnfeartboaten en plezierboaten. Om't net alle brûkers bekend binne mei de jildende regels op it wetter is it nedich om ienrjochtingsferkear yn te stellen op it plak dêr't it measte knypt. As dit net bart, is it wachtsjen op ûngelokken.

It Naauw is smel, sa'n fjouwer meter breed, en it is suver ûnmooglik om elkoar te passearjen. Boaten moatte achterút farre.

It Naauw yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

By dit plak spilet ek dat de bocht yn it Naauw, ûnder it Brol, ûnoersichtlik is. Yn it foar kinne skippers net sjen oft der boaten fan de oare kant fan de piip oankomme.

It beslút is al yngien. Nei in jier wurdt besjoen oft dit beslút fuortset wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)