Ek yn Fryslân ferskillen yn regeljouwing oer drugsgebrûk op strjitte

03 jul 2019 - 10:41

Net allinne yn Nederlân as gehiel, mar ek binnen Fryslân binne grutte ferskillen as it giet om de gemeentlike regeljouwing oer it brûken fan drugs op strjitte. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de NOS. Yn Smellingerlân meie minsken bygelyks yn it iepenbier gewoan in joint smoke. Mar ast út dizze gemeente wei de grins oerstapst nei ien fan de fiif oanlizzende Fryske gemeenten, dan mei it ynienen net mear. Neffens saakkundigen op it mêd fan drugsbelied is it rommelich.

Fryske gemeenten mei in folslein ferbod op drugsgebrûk yn de iepenbiere romte (nei in oersjoch fan de NOS) - Foto: Omrop Fryslân

Yn sân fan de achttjin Fryske gemeenten is der in folslein ferbod op it gebrûk fan drugs yn de iepenbiere romte. It giet om Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren, Ljouwert, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, It Hearrenfean en Opsterlân. Yn de oare gemeenten is it wol tastien dat minsken drugs yn it iepenbier brûke.

Opiumwet net folge

De ferbodden binne opnaam yn de regels fan de saneamde Algemene Plaatselijke Verordeningen (APV). Mei publike romten wurde bygelyks strjitten, parken en iepenbiere gebouwen bedoeld. It giet net allinne om softdrugs, mar meastentiids ek om harddrugs.

De sân Fryske gemeenten mei in folslein ferbod folgje dêrmei net de lanlike Opiumwet. Neffens dizze wet is it brûken fan soft- en harddrugs net strafber, inkeld de hannel en produksje binne dat.

Spesifyk gebietsferbod better

Saakkundigen op it mêd fan drugsbelied sizze dat in spesifyk gebietsferbod beter is as it om oerlêst giet, mar yn folle gemeenten giet it dus om de alle iepenbiere romte. Faak is in ferbod net hiel needsaaklik, mar brûke gemeenten it mear om yn te gripen as it nedich is.

Neffens de NOS binne der wol hieltyd mear gemeenten dy't sa'n folslein ferbod op it brûken fan drugs ôfkundigje. Yn hiel Nederlân hawwe no 218 fan de 355 gemeenten in folslein ferbod.

Trefwurden: 
Opiumwet drugsbelied APV
(Advertinsje)
(Advertinsje)