SC Hearrenfean wint oefenwedstriid mei dûbelde sifers

03 jul 2019 - 10:34

SC Hearrenfean hat tiisdeitejûn ek syn tredde oefenwedstriid yn 'e tarieding op it nije seizoen wûn. Yn Easterwâlde helle Hearrenfean de dûbelde sifers tsjin sneons twaddeklasser SV De Griffioen. De wedstriid einige yn 0-10.

Foto: www.orange-pictues.nl

Trainer Johnny Jansen stjoerde twa ferskate alvetallen it fjild op. Yn 'e earste helte kaam Hearrenfean seis kear ta skoaren. De doelpunten wienen fan Mitchell van Bergen (twa kear), Jordy Bruijn, Ben Rienstra, Jizz Hornkamp en Emil Frederiksen.

Yn 'e twadde helte liet de nije spits Jens Odgaard him goed sjen. Mei in hattrick soarge hy foar 0-9. Uteinlik wie it Jan Ras dy't de einstân bepaalde.

Opstelling SC Hearrenfean (Earste helte): Bednarek; Floranus, De Bruijn, Dresevic, Beuker; Kongolo, Rienstra, Bruijn; Van Bergen, Hornkamp, Frederiksen.

Opstelling SC Hearrenfean (Twadde helte): Hahn; Akujobi, Drkusic, Skovgaard, Woudenberg; Westra, Faik, Ras; Van der Heide, Odgaard, Mihajlovic.

(advertinsje)