Fytser oanriden yn Ljouwert, plysje siket noch nei bestjoerder fan de auto

03 jul 2019 - 10:15

Op de krusing fan de Bleeklaan mei it Cambuursterpad yn Ljouwert is woansdei in fytser ferwûne rekke by in oanriding. De bestjoerder fan de auto is nei de oanriding trochriden.

Foto: Kappers Media

Burgernet is no ynset om de sulvergrize auto te finen. Der soene twa minsken yn de auto sitten hawwe. Nei de oanriding moat de auto rjochting It Fliet riden wêze. Oft de auto skea hat, is net bekend.

It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle en moast nei it sikehûs brocht wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)