Kollum: "Biolokkich"

"Och heden, wat wie dat in moai ôfpraat spultsje. Op in sympoasium oer lânbou sei de CEO - sa hjit tsjintwurdich in baas of in direkteur - fan FrieslandCampina, Hein Schumacher, dat it bedriuw boeren stypje wol as se it bioferskaat fan harren grûn ferheegje wolle. Bioferskaat. 'Bio' betsjut libben en 'ferskaat' ôfwikseling. Mjuks dus. Mjuksjende boeren kinne jild fan FrieslandCampina krije.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Tagelyk sei Ferd Crone, hy naam ôfskied as boargemaster fan Ljouwert, dat de Fryske befolking ree wêze moatte soe om 2,5 sint mear te beteljen foar in mingel molke, en dan sa jild frij te meitsjen foar it bioferskaat. En dat wylst bliken die dat Ljouwert noch hieltyd in earme gemeente is. Dy 2,5 sint stekt Schumacher fansels yn de bûse en sa betelje wý it bioferskaat.
Ik wurd altyd lulk fan dit soarte foarbakte ien-twaatsjes. Inkeld, dy beide manlju ha wol wat gelyk. It binne fansels ek manlju dy't de hjoeddeiske ûntwikkelingen goed folgje. En der mei tsjoene kinne. Hoewol, 2,5 sint. It jout gjin bliksem. Jumbo wol miskien noch wol, mar Albert Heijn net. En as Albert net meidocht, seit Hein ek dat it swier te rissen is fansels. En Ferd Crone wit dat de Friezen miskien wol ree binne om dy 2,5 sint te beteljen, mar yn Amsterdam net. En dêr wenje mear minsken as yn Fryslân.
FrieslandCampina hat net alle boeren ûnder bewâld; is ek noch in 'wordwide' bedriuw. Schumacher sei net, mar wist wol, dat syn meiwurkers op de webside setten dat de garânsjepriis foar molke wer sakje sil. En Crone wol mei syn sinterske ferhaal inkeld de portefúlje lânbou krije yn de Earste Keamer. Dan komme je yn byld.
Dat docht no ek bliken yn de Fryske polityk. Dêroer ha we yn de Leeuwarder Courant in grut ferhaal krigen. Jantien de Boer mocht de CDA-fraksje folgje yn de formaasjeperioade. Se hat tige har bêst dien, mar it is ek net folle mear as fertelle dat alles wat de CDA-ers bûten Jantien om besprutsen mei oaren, letter yn de fraksje útlein waard. Der kaam net safolle nijs út. Dat Sietske Poepjes altyd yt, wisten we ek al; en dat hat se ek nedich, se hat no enerzjytransysje.
It iennige ferrassende wie dat de FNP de wynmûne ynruile hat foar de portefúlje lânbou. Ek noch in útklaaide portefúlje. It lestige punt yn de lânbou, de feangreide, is by PvdA-er Douwe Hoogland telâne kaam. As je no earne bioferskaat ha moatte, dan is dat yn de feangreide. Doe ha se dat ek mar yn Douwe syn bakje stoppe. En de natuer ek mar. Dan stelt de lânbouportefúlje fan Johannes Kramer dus neat mear foar, sels as hy roppen bliuwe soe dat elke boer bioboer wurde moat.
Hy moat him no mei de doarpen bemuoie, mar de oare partijen ha him it gers al foar de fuotten wei meand troch elk doarp hûzen ta te sizzen. En Sietske Poepjes sit yn de taal en kultuer om te rieren, dêr hie de FNP no dochs mei úteinsette moatten.
Dat stiet allegear noch net iens yn it bestjoersakkoart. Mar dat lêst ek nimmen, want it is fyftich siden (te) lang. It nije kolleezje hat wat tefolle tiid en romte nedich om ús út te lizzen hokker kant se sa'n bytsje út wolle. Der wurde gjin grutte knopen trochhakke. Dat jildt benammen foar it ûnderwerp dat it measte omtinken hawwe moatte soe, de feangreide.
De PvdA woe, neffens it ferhaal fan Jantien, 50 persint CO2-reduksje helje. It CDA hat fan dy resultaatdoelstelling in ynspanningsferplichting makke. Dat betsjut dat je dermei oan it âldehoeren gean, mar as guon boeren en it Wetterskip nee sizze, dat je dan tuike-tuike oan dogge. Dan wurdt it kolleezje net ophongen oan it resultaat. Yntusken is it nasjonale regear al konkreter. Deltaplan feangreide. Mar it docht bliken dat se dêr mei de hannen omheech stean wat Fryslân oanbelanget; likegoed krije se gjin stipe fan it Fryske CDA.
Undersikers ha útfûn dat wy in dom, earm, mar lokkich folk binne. Ik bin mei dat bioferskaat- en feangreidestânpunt net echt lokkich. Mar doe lies ik de titel fan it bestjoersakkoart. Net ien skriuwt of praat deroer, mar dat moat tenei al. It hjit nammentlik Lok op 1."